Teepriuwerij, Krûdetún en
Beplantingsplannen
Baukje Miedema
Murnserdyk 34, 8573 WP Murns

Ofspraken leafst fia e-mail: baukjemiedema@home.nl.
Tillefoan: 0657621330 (faak yn de tún sûnder tillefoan)

 

Teepriuwerij


Us krûdetún leit midden yn de natoer tusken it Rysterbosk en de Iselmar. Wij hâlde dêr simmers op oanfraach Teepriuwerijen foar lytse groepkes. Je sjogge de blommen en krûden. Je rûke har geur. Je priuwe ferskillende soarten tee fan blommen en krûden ùt de tún.
Dat kin fan juny oant en mei augustus op oanfraach.
It duorret likernôch oardel oere. Kosten 5 euro de persoan. Bern fergees.

4 en 5 augustus 2016: Tún iepen fan 11.00 - 17.00 oere.


Teepriuwerij en Túnbesichtiging op ôfspraak

Teepriuwerij foar lytse groepkes (maksimaal 8 peroanen) kin op ôfspraak.

Túnbesichtiging ek op ôfspraak. Dat is foar lytsere en gruttere groepen mooglik.

Spontaan delkomme om de tún te besjen

De tún is regelmjittich iepen foar besichtiging, mar net op fêste tiden. It stiet oanjûn mei in boerd bij de tún.

De teeperken kinne altiten besjoen wurde.

Rûnom binne geskikte planten

Tee fan farske planten, it is sa lekker. En de smaak is elke kear wer in ferrassing, it is altiten krekt wer in bytsje oars. Fan sommige planten is it blêd hearlik yn tee, en oare ha lekkere blommen of woartels. In soad fan dy planten bin flak bij hûs te finen. Bijgelyks Goudgjirde of Roas stiet fast al yn de eigen tún. En bijgelyks Skieppegerf of Klaver stiet wol yn de berm. Mei oare wurden, je kinne it sels ek dwaan at je witte hokker planten geskikt binne.

Fragen dy't oan de oarder komme

- Hokker planten kinne je brûke?
- Hoe smeitsje dy dan?
- Kinne je alle blommen brûke?
- Wat binne lekkere mingsels?
- Hoe sette je dy tee?

Priuw fan de plantetee en krij antwurd op je fragen.


Program fan de priuwerij fan oardel oere:

- Rûntsje troch de tún, hokker planten binne op dit stuit geskikt foar tee.
- De planten, blêd en/of blommen, priuwe: Swiet, krûdich, sitroen en in eigen kar.
- Nei ôfrin gelegenheid om sels de tún te besjen.

De selsmakke koeke is sûnder fet of sûker (mar mei abrikoas, rezyn en nuten).
> krûdetún
> theeproeverij (ABN)
> baukjemiedema.nl foar ûntwerp en/of beplantingsplan fan in ytbere tún